header4.jpg
Share

Foto-útstalling Paul Lansen

 

 DSC5743Sneontemiddei om 16.00 oere iepene Boargemaster T. van Bekkum de foto-útstalling fan foto’s makke troch  Paul Lansen silliger yn it Rottefalster Doarpstsjerkje. Boargemaster Van Bekkum die de iepening togearre mei mefrou Hanneke Lansen.
It is it wurdich om dizze prachtich moaie kolleksje foto’s te besjen.

Woansdei, tongersdei en freed fan 15.00 oant 18.00 oere en sneon fan 10.00 oant 12.00 oere binne de foto’s noch to besjen!

L. Atsma  (sjoch foto 's eksposysje fan Lippe Atsma)

 

Share

Joop-2Ferieningsnijs

Genôch ferienings yn ús doarp ha in webside: û.o. de fuotbalklup, de kuorbal-en tennisklup, it toanielselskip de Rottefalle en folle oaren. Dêryn hâlde hja kontakt mei harren eigen efterbannen. Ik soe 't hiel aardich fine dat hja wat yn 't each springende foarfallen koart en dúdlik oan ús webside takomme litte. Wy kinne dan dat artikeltsje mei foto('s) wer trochlinke nei de belutsen klup. Wy wolle bgl. ek wol graach ris in kampioenstiim op ús side sjen litte. Hjir boppeoan stiet in bysûnder gefal dat wy fan 't toanielselskip de Rottefalle trochkrigen: Lydia de Groot wint yn in provinsjaal toanielbarren in prachtige priis: jongste bêste talint.

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla