header2.jpg
Share

Kulturele jûn mei muzyk, sang en "Nakke"

 DSC5762Freedtejûn 17 okt. '14 wie de eerste kulturele jûn fan dit winterhealjier. It mingde koar ,,De Broekophâlders” mei Rottefalster froulju en Eastermarder manlju en froulju en oaren - in koar der’t muzyk yn sit - brochten tal fan fryske sankjes. Se waarden begelieden troch in gitaar, twa lûkpûden en in linige mûlharpspiler, dy’t in kofferke mei miskien wol 8 soarten fan mûlharpen (yn soarten fan toanhichten) hie. It wie in lust om nei to sjen en to harkjen.

It sjongen waard ôfwiksele troch Durk Veenstra, mei moaie ferhalen oer Bernardus Nieuwenhuis (Nakke) *1912 - †2001, syn wurk en syn libben. “De Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije” hat in boek gearstald oer Nakke syn wurk as keunstskilder. Der binne ynmiddels al sa’n 600 wurken grut en lyts fûn en wa wit slingert der hjir of dêr noch wol wat rûn. In pracht boek en de muoite wurdich om yn jins besit te hawwen. Alles by elkoar wie it in tige slagge jûn.

Lippe Atsma. (sjoch foto 's Lippe Atsma)

 

Share

Joop-2Ferieningsnijs

Genôch ferienings yn ús doarp ha in webside: û.o. de fuotbalklup, de kuorbal-en tennisklup, it toanielselskip de Rottefalle en folle oaren. Dêryn hâlde hja kontakt mei harren eigen efterbannen. Ik soe 't hiel aardich fine dat hja wat yn 't each springende foarfallen koart en dúdlik oan ús webside takomme litte. Wy kinne dan dat artikeltsje mei foto('s) wer trochlinke nei de belutsen klup. Wy wolle bgl. ek wol graach ris in kampioenstiim op ús side sjen litte. Hjir boppeoan stiet in bysûnder gefal dat wy fan 't toanielselskip de Rottefalle trochkrigen: Lydia de Groot wint yn in provinsjaal toanielbarren in prachtige priis: jongste bêste talint.

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla