header1.jpg
Share

Multyfunksjoneel Sintrum yn ein stadium

 

mfs einstadiumIt is de planning fan Jorritsma's boubedriuw dat ús nije MFS op freed 18 novimber oplevere wurde sil. No dat falt binnen yn goed te sjen. 
We litte foto's sjen fan de skoallokalen boppe, dêr 't it Z-tiim – hjoed saterdei 5 novimber – oan 't timmerjen is mei de plafonds ûnder de souderkes dêre. Ek hawwe wy al fêst op sa'n souderke west.
We sjogge it oansicht fan 'e keamer fan de direkteur fan de basisskoalle, de trep nei ien fan de souderkes, it tredde lokaal boppe, de BSO-romte, de jeugdsoos, de gong op de boppe ferdjipping, in toiletromte boppe, de gong ûnder, en de grutte seal mei 't poadium en de hûskeamer.
Grif falle de optearde tuskenwanden op de foto ek wol op. As dy skielik ticht binne, binne se sa lûdswearend, dat der sûnder hinder fan elkoar, yn twa romtes njonken elkoar fergadere wurde kin.

(foto's mfs fan Joop Mast)

 

 

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla