header3.jpg
Share

 

Opleverjen Multyfunksjoneel Sintrum

 

opleverjen mfsFreed 18 novimber wie wer in grutte dei yn de bouskiednis fan 't nije Multyfunksjoneel Sintrum yn ús doarp. De boufase hie de dei fan 't opleverjen berikt. Wylst de bruorren Lindeboom bûten drok mei de bestrating fan de tagongswegen nei 't Sintrum oan de gong wiene, wie men binnen drok dwaande de lêste spullen it gebou út te dragen, dy 't net ta de ynventaris behearre.
We seagen fertsjintwurdigers fan de bouwer fan de fa. Jorritsma, fan it arsjitektenburo fan Grins Onix, fan de ynstallaasjes fan elektrisiteit en wetter de fa ITBB, fan BCN dy 't it boumanagement en de kontrôle op de bou foar de gemeente fersoargje, de koördinearjende ambtner fan de gemeente Smallingerland en ús eigen minsken dy 't diel útmeitsje fan 't boutiim Sieger Visser en Atze Bron en de fotograaf en de skriuwer fan dit artikeltsje.
Jorritsma's útfierder hie de ûntfangst treflik foar inoar: kofje en taart mei de ôfbylding fan 't MFS derop stiene klear foar de gasten yn de nije hûskeamer.
Nei de ûntfangst en de kofje setten twa ploegen it nije gebou troch om nochris kritysk alles te besjen en eventueel de puntsjes foar ferbettering mei te nimmen. De measten stiene al yn 't notysjeblok fan de kontroleur fan BCN. De puntsjes fan krityk sille de kommende 14 dagen ferholpen wurde troch de mannen fan Jorritsma en ITBB.
Om ûngefear 12 oere waarden de oerdrachtsformulieren tekene. 
Der waarden tankwurden útsprutsen foar it prachtige gebou dêr 't de Rottefalle ta yn lingte fan jierren fierder gebrûk fan meitsje mei.
Wy hoopje dat oan alle Rotfalsters sjen te litten op de dei fan de iepening: 17 febrewaris 2017.

 (tekst en foto's Joop Mast: klikje hjir foar de foto's)

 

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla