header3.jpg
Share

Rolling Home yn'e doarpstsjerke

rollinghome2016Freedtejûn 16 des. hie de Kulturele Kommisje it ferneamde manljuskoar fan Rolling Home op visite yn de doarpstsjerke. Foar har optreden nei de pauze song Tseard Nauta him sels begeliedend op 'e piano út syn repertoire. Hy hie aardige liedteksten, dy 't him lykwols ien kear ûntkaam: de tekst wie efkes út syn ûnthâld rekke. It hast 40 man sterke manljuskoar brocht in moai ôfwikseljend liedrepertoire dat hja ôfsletten mei 't tige bekinde Fryslân. Foarsitster Jeltsje Lieuwes fertelde by 't ôfsluten fan de jûn dat dizze foarstelling harren lêste yn de doarpstsjerke wie, om 't de folgjende yn 't nije Multyfunksjoneel Sintrum plak fine sil. (JM)

(sjoch hjir de foto's fan JM)

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla