header5.jpg
Share

Bern fan de gearwurkingsskoalle nei 't Werflân

 

bern werflânMoandeimoarn 9 jannewaris wie ‘t in drokte fan belang by de yngong fan de hal fan it Werflân. De krystfakânsje is foarby en de bern meie wer nei skoalle en dat is fan no ôf oan de skoalle yn it Werflân. It plein is noch net hielendal klear, sadat allegearre memmen, heiten en bern op in kloftsje byelkoar steane.
Krekt healwei njoggenen spant meester Theun in line, mei dêrefter fan elke groep in learling mei in skjirre yn de hân, om dy troch te knippen as hja fan tsien tellen werom binne by ien. Ljochten flitse oan om dit feit fêst te lizzen. Ek fan de camera fan Omrop Fryslân dy ‘t ferslach docht fan dizze bysûndere gebeurtenis, dy ‘t jûns yn Hjoed op ‘e Fryske tv te sjen is.
Sjongendewei geane de bern yn skoalle om harren lokalen op te sykjen. De beukers en groep 3/4 sitte ûnder yn ‘t gebou, en boppe op de ferdjipping de groepen 5/6, 7 en 8.
De âlden geane allegearre mei harren bern nei binnen ta om de moaie nije skoalle mei eigen eagen te besjen.
It Werflân is no echt útein set.

 (sjoch hjir de foto's fan JM)

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla