header5.jpg
Share

Premiêres yn It Werflân

 

polyphonia 2017Tiisdeijûn 10 jannewaris wie de biljartklup foar 't earst yn 'e hûskeamer fan it doarpshûs yn It Werflân. Nei in pear seizoenen yn de sportkantine de wedstriden spile te hawwen,rôlen de ballen no yn de hûskeamer.
Saterdeijûn 14 jannewaris sette de Jeugdsoos yn It Werflân útein. Der wie in protte tarin fan de jeugd en harren meikommen âlden om it nije ûnderkommen te sjen.
Sneintemoarn 15 jannewaris hie Polyphonia mei har Nijjierskonsert de premiêre yn de grutte seal fan it doarpshûs yn It Werflân.
Foar dizze earste byienkomsten moasten der hjir en dêr noch wolris wat ploaikes glêd strutsen wurde fansels, om ‘t noch net alles klear is yn 'nije gebou.
De bilartklup hat noch net de nije lampen boppe it biljart, yn de jeugdsoos kaam it noch krekt op tiid klear mei de ynternet oanslutings. Yn de grutte seal fan it doarpshûs wiene de oertallige stuollen noch krekt op tiid yn de sliden kommen, dy ‘t ûnder it poadium opburgen wurde kinne.
De ferienings dy ‘t yn ‘t nije gebou no útein sette, moatte der noch wol wat rekken mei hâlde dat der hjir en dêr noch wat oanrin problemen wêze sille. Mar sa as it sprekwurd seit: Piter komt sa stadichoan yn ‘e broek! 
Foar ús allegearre - frijwilligers en de brûkers - moat der even tiid wêze oan de nije situaasje te wennen.

(sjoch hjir de foto's fan JM)

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla