header1.jpg
Share

Iepening MFS It Werflân

 

iepenjen itwerflânWat in geweldich feest: de iepening fan ús multyfunksjoneel sintrum op freed 17 febrewaris 2017! Op it iepeningsfeest wiene fertsjintwurdigers fan de gemeente, de provinsje, Stichting Doen, en oare subsydzjeferstrekkers sa as de Compagnons, de Stichting Uitbreiding Rottevalle en it stichtingsbestjoer fan it gebou fan de Peuterseal en fan de doarpsferienings dy ‘t by ús as gebrûkers hearre, meiwurkers fan de skoalle, de pjutteseal en de bernedeiopfang, it bestjoer fan it doarpshûs en fansels ek fan ‘t bestjoer yn oprjochting fan ‘t MFS oanwêzich.

De iepenings taspraken fan de wethâlder, de deputearre fan de provinsje, Stichting Doen, en foarsitter doarpshûs waarden dêrnei ferfolge troch flash mobs fan de bern fan ús nije gearwurkingsskoalle. In nije rige fan sprekkers fan de Compagnons mei de hear Peter van Gils, de bouwer Jorritsma, it boumanagement fan BCN, fan Doarpswurk en Doarpsbelang mei Rinze Bargerbos waard folge troch in tige ûnferwachts optreden fan ús boargemaster Van Bekkum. Hy kaam Hennie en my ferrassen mei in lintsje yn de “Orde van Oranje Nassau”. In geweldige ferrassing foar ús beide, dêr ‘t wy hiel bot mei ynnommen binne om ‘t dy hielendal út ús doarp wei komt as wurdearring foar ús ynset foar ‘t nije MFS.

De jûns wie de belangstelling ferbjusterjend grut. Binnen in heal oere wiene ús konsumpsjebonnen oan ‘e man brocht. We koene gelokkich nije printsje foar de noch kommende besikers. Wy skatte dat der de jûns sa om en de by 500 besikers west ha!!!
De bern fan groep 7 en 8 fan ús g.w.s. It Werflân lieten yn groepkes it hiele nije gebou oan de minsken sjen.
Dêrnei bleauwen noch hiel folle minsken foar in gesellich praatsje en de muziek fan The Bounty Hunters. By de bar wiene hearlike drankjes en hapkes te krijen. Ek de muntautomaat spuide genôch muntsjes om de konsumpsjes keapje te kinnen.

We kinne werom sjen op in tige slagge iepeningsfeest fan ús nije multyfunksjoneel sintrum.
Alle frijwilligers dy ‘t holpen hawwe dit feest sa moai slagje te litten ferstjinje ús grutte tank foar har meiwurking. (sjoch hjir de foto's fan Lippe Atsma), (Hjir fan Alex)

 

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla