header3.jpg
Share

Jiergearkomste Doarpsbelang yn 't Werflân

 

doarpsbelang 2017Op tiisdeijûn 7 maart hâlde doarpsbelang Rottevalle har algemiene jiergearkomste yn it nije doarpshûs fan MFS It Werflân.

De gearkomste hie in tige flot ferrin: beide ferslagen fan de skriuwster waarden mei applaus bekroane en de skathâlder krige gjin drege fragen. 

De gearkomste gie mei grutte mearderheid fan stimmen akkoard mei 't brûken fan in doarpsflagge. Hja hie fan de hear Jelle Terluin mei help fan dúdlike dia 's in wiidweidige útlis hân hoe 't de nije flagge der úkomme sil te sjen. By bysûndere dagen sil de flagge bgl. by 't Werflân ophongen wurde. 

De ferskillende wurkgroepen waarden fertsjintwurdige troch Rink de Vries (Meielkoar), Lieuwe Booi (Hertenkamp), Hanneke Lansen (It Slûske), Rimmer Grondsma (Activiteitencommissie) en Joop Mast (Webside www.rottevalle.com).

Om ‘t Janna Roorda as skriuwster har twa bestjoersperioades folmakke hie, waard dy troch it bestjoer yn de blomkes set en tige betanke foar har wakkere, bestjoerlike ynset. Alie de Boer waard by inkelde kandidaatstelling yn ‘t plak fan Janna beneamd.De gearkomste waard noch yn in gesellige neisit yn de hûskeamer ôfsletten (JM)(foto's fan Lippe Atsma)

 

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla