header2.jpg

Klaasje Postma by K.K. de Rottefalle

Share

Klaasje Postma by de kulturele kommisje de Rottefalle

klaasje postmaDe toanielfoarstelling “Life is beautiful” mei Klaasje Postma en pianiste Pauli Yap, ûnder regy fan Jos Thie, freedtejûn 21 april wie in boppeslach. Klaasje spile Alice Herz-Sommer (1903-2014) in frou dy’t ôffierd wurdt nei it konsentraasjekamp Theresienstadt. Tanksij har pianospyljen koe se hieltiid wer de gaskeamers ûntrinne.
Klaasje fertelt it libbensferhaal fan Alice mei begelieding fan pianiste Pauli dy’t muzyk fan Bach, Beethoven, Schuman en Chopin spile, komposysjes dy’t Herz-Sommer sels spile. It stik past ek moai in dizze tiid oer betinking fan de Dútske oerhearsking yn 1940 – 1945.

Oan ‘e ein fan ‘e jûn wie der it ôfskied fan Jeltsje en Gerrit Lieuwes, Trienke Bouwer en Anneke Gjaltema. Jeltsje wie omstreeks de jieren 70 al lid fan de ‘Bejaardenkommisje”. Yn 1980 feroare dizze namme yn Aldereinkommisje, yn 2000 yn Kulterele kommisje 50+ en letteroan yn de Kulturele Kommisje de Rottefalle. Nei dy lange rige fan jierren fynt Jeltsje it genôch. Ek Gerrit hat genôch foar de kommisje dien. It Lintsje hawwe se al!
Trynke en Anneke hawwe in lang skoft de betsjinning regele en stopje der ek mei.

Lippe Atsma.(foto's Lippe Atsma)

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla