header4.jpg
Share

mfc apr2017

It moaiste fan Fryslan

Sneintemoarn 25 juny om 11 oere stjoert Omrop Fryslan in reportaazje út dy ´t René Koster makke hat mei leden fan it bestjoer fan doarpsbelang en it doarpshus, t.w. Aly de Boer, Welmoed Ybema, Margriet Wieldraaier en Atze Bron, mei Sieger Visser en Joop Mast en mei Yvette Mulder. Hja fertelle oan de ferslachjouwer fan Omrop Fryslân werom ´t hja fine dat it multyfunksjoneel sintrum eins keazen wurde moatte soe as moaiste gebou fan Fryslân. 

Dat stimmen op it mfs It Werflân as moaiste gebou kin op www.itmoaistefan.frl by´t ûnderdiel `Publieke Gebouwen` oant 1 july ta.
Dus as de lêzer noch gjin stim útbrocht hat dan kin dat noch moai. 

Wolle jo it program hearre: klik op de folgjende link http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/buro-de-vries-fan-25-juny-2017-1100 en skrol dan troch nei "It ferhaal achter Multyfunksjonele sintrum It Werflân de Rottefalle" en klikje dan op it tekentsje midden op de foto. 

Joop Mast

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla