header2.jpg
Share

Geart en Syts op 'e fyts

Geart en SytsIt minne waar koe in 150 minsken, dy 't freed te jûn 20 okt nei 't doarpshûs ta setten, net behinderje om de wrâldreizigers Geart Landman en syn freondinne Sytske Bron dêr op útnoeging fan  't bestjoer fan 't doarpshûs fertellen te hearren oer har wederwarichheden fan har reis.
Dizze jonge Rotfalsters ha de easterske helte fan ús wrâld 3 jier lang trochkrúst op harren toerfytsen: earst nei Istanboel, doe in tocht oan de westkant fan Turkije, fan dêr nei Australie, mei in besite fan Geart syn mem sa om en de by de krystdagen fan  2015,  en broer en skoansuske. Letter wer heger op troch Cambodje, Laos, Vietnam, Myanmar nei Sjina en Kirgizië, Oesbekistan, Koerdistan en ik sil der grif noch guon fergetten ha.
Hja leine yn 3 jier tiid sa 'n 30.000 km ôf.  Hja kamen op 21 maaie fan dit jier wer thús.
Hja hiene in moai ôfwikseljend program gearstald en fertelden op in tige ûntspannen wize harren reisferslach. Ek op fragen fanút de seal kamen prachtige, dúdlike  antwurden.
It doel fan harren tocht minsken fan ferskate, ferskillende eftergrûnen te moetsjen en yn de prachtige natoer fan ús wrâld te ferkearen wie folslein oan syn trekken kommen.
In prachtige jûn: Joop Mast.

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla