header1.jpg
Share

De konsertpiano foar de doarpstsjerke,

Snein 5 novimber waard de konsertpiano dy’t de “plaatselijke commissie Doarpstsjerke” krigen hie fan de Stichting Uitbreding Rottevalle offisjeel yn gebrûk nommen.
De kommisje fan de Doarpstsjerke  hie foar dizze gelegenheid oan in tal Rotfalster amateurs frege oft hja troch har muzikale meiwurking oan dit iepeningsfeest meiwurkje woene. In moai besette tsjerke seach sadwaande de folgjende optredens:

  • feestpianoEvelien van de Veen op piano;
  • Anna en Margriet Bremer op gitaar;
  • Marjon Lohmann op piano;
  • Vear Noor op hobo;
  • Wijke Bargerbos op piano;
  • Iris Bosma, song mei gitaarbegelieding;
  • Andrea Meijer spile op cello
  • Carla Noor spile ek opcello.

It waard in treflike muzikale middei, dy ’t troch de kommisje ôfsletten waard mei in feestlik hapke en drankje.
JoopM

(sjoch hjir de foto's fan JoopM)

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla