header2.jpg

Bern fan de gearwurkingsskoalle nei 't Werflân

 

bern werflânMoandeimoarn 9 jannewaris wie ‘t in drokte fan belang by de yngong fan de hal fan it Werflân. De krystfakânsje is foarby en de bern meie wer nei skoalle en dat is fan no ôf oan de skoalle yn it Werflân. It plein is noch net hielendal klear, sadat allegearre memmen, heiten en bern op in kloftsje byelkoar steane.
Krekt healwei njoggenen spant meester Theun in line, mei dêrefter fan elke groep in learling mei in skjirre yn de hân, om dy troch te knippen as hja fan tsien tellen werom binne by ien. Ljochten flitse oan om dit feit fêst te lizzen. Ek fan de camera fan Omrop Fryslân dy ‘t ferslach docht fan dizze bysûndere gebeurtenis, dy ‘t jûns yn Hjoed op ‘e Fryske tv te sjen is.
Sjongendewei geane de bern yn skoalle om harren lokalen op te sykjen. De beukers en groep 3/4 sitte ûnder yn ‘t gebou, en boppe op de ferdjipping de groepen 5/6, 7 en 8.
De âlden geane allegearre mei harren bern nei binnen ta om de moaie nije skoalle mei eigen eagen te besjen.
It Werflân is no echt útein set.

 (sjoch hjir de foto's fan JM)

De nije skoalle

de nije skoalleDe bern fan de nije gearwurkingsskoalle brochten woansdei harren laadsjes al fêst nei de nije skoalle ta. Hja giene mei harren juffen en master nei harren takomstige lokaal om dêr har laadsje mei ynhâld al fêst del te setten. Sa yn de nije skoalle wie’t fol hiel spannend fansels. No hawwe hja yn alle gefallen mei ‘t ynfallen fan de krystfakânsje in dúdlik sicht op de skoalle dêr ‘t hja nei de fakânsje nei ta gean sille.
Op 9 jannewaris start de nije gearwurkingsskoalle yn 't MFS it Werflân.

 (sjoch hjir de foto's fan JM)

It Werflân

werflânDêr wie er dan: de nije namme fan it MFS: it Werflân. Betocht troch Alie de Boer fan de Havenwei. In komplimint is op syn plak. Doe ‘t de Stjoergroep de namme – keazen troch de jiergearkomste fan doarpsbelang – fersmiet, is der mei help fan it buro PIT út Ljouwert in hiele nije proseduere op start. In wurkgroep foarme út alle geledings fan ‘t MFS – mei ek in pear bern fan de gearwurkingsskoalle - is oan it nei tinken gien en dêr rôle de namme nei in neitinktiid fan in pear wike fan it Werflân mei in grutte mearderheid fan stimmen derút.

It Werflân is it lân dat fan meardere eigners is en dat ôfwikseljend troch de eigners brûkt wurdt, sa stiet op ‘e kaart dy ‘t frijwilligers freed 23 desimber yn ús doarp ferspraat hawwe. Tige tapaslik dizze namme en ek wichtich: nimmen yn ús provinsje komt dizze namme foar. Dus tige orizjineel.
We hawwe dus tenei: gearwurkingsskoalle it Werflân fan, doarpshûs it Werflân, pjutteseal it Werflân en ek bernedei- en bûtenskoalse opfang it Werflân.

 

Joop-2Ferieningsnijs

Genôch ferienings yn ús doarp ha in webside: û.o. de fuotbalklup, de kuorbal-en tennisklup, it toanielselskip de Rottefalle en folle oaren. Dêryn hâlde hja kontakt mei harren eigen efterbannen. Ik soe 't hiel aardich fine dat hja wat yn 't each springende foarfallen koart en dúdlik oan ús webside takomme litte. Wy kinne dan dat artikeltsje mei foto('s) wer trochlinke nei de belutsen klup. Wy wolle bgl. ek wol graach ris in kampioenstiim op ús side sjen litte. Hjir boppeoan stiet in bysûnder gefal dat wy fan 't toanielselskip de Rottefalle trochkrigen: Lydia de Groot wint yn in provinsjaal toanielbarren in prachtige priis: jongste bêste talint.

Mighty Free Joomla Templates by MightyJoomla