headerRotttevalle

Doarpstsjerke: Paul en Gjalt

 

 DSC5728Hoewol it Tsjerkje mar amper foar in fiifde part beset wie, koene de beide muzikanten wol de oandacht tige fêsthâlde. De muzyk, Iersk, Skots mei wat Keltyske ynslach wie knap en de ferhalen fan Gjalt oer Antarktika mochten der ek wêze. Wol ien oanmerking: de ferhalen duorren te lang en hiene wat faker ôfwiksele wurde kinnen troch muzyk. De ferhalen waarden flot en smout nei foaren brocht. De froulju fan de betsjinning hiene tige harren bêst dien! Net allinne kofje en tee mar ek soarten drankjes mei lekkere hapkes der by. Koartom in tige slagge jûn! No de minsken noch.

Lippe Atsma.(sjoch de foto's fan Lippe Atsma)

 

 

 

Zoeken