header3.jpg

Toanieljûn fan'e Kuorbalclub " Wêz Handich"

Op sneon 26 Januari wie d'r yn it Doarpshûs  "It Tiksel"de jierlikse feestjûn fan Wêz Handich en sa as men wenst is dan spylje de Kuorballers toaniel yn pleats fan it bekende balspul mei de koer.
Dit jier wie de kar fallen op it stik: "En wy bliuwe ek te sliepen" in blijspul yn twa bedriuwen en de Fryske oersetting wie fan Abele Krist.  Sa tsjin healwei achten begûn de seal al moai fol te rinnen en dat koe ek skoan, want Wilco hie mei syn trouwe helpers 180 stuollen klear set, ja ien moat dochs de lieding ha en dêrom fûn ik dit foar Ab wol in moai fersetsje. ( kalm bliuwe - foaral kalm bliuwe)logokorfbaltennis

Oer de ynhâld fan it stik fertel ik net te folle mear, want dat hawwe jimme allegearre wol lêze kinnen yn it moaie programma blêdsje, alles wie goed op papier set dus dêr lei it him net oan.

Nei de jeugd dy't ek poerbêst op dreef wie, koene wy it toaniel opbouwe en ik moat sizze it wie in plaatsje om te sjen, hulde en nochris hulde oan de beide froulju Nynke en Anneke foar it moaie ynterieur op it Tiksel toaniel, foaral ek net ferjitte Martha en Wilco dy't hast neat mear yn'e hûs hiene.  En al de oaren dy't ek harren best dyn hawwe, mei it kreakers pân en oare dingen op elts mêd wat d'r mar mei te krijen hie.

Ik moat sizze dat d'r is spyle wurden om stil fan te wurden, op mominten dat d'r lake wurde dan moasten de spylers faaks wachtsje op it publiek en dan gie min wer fleurich fierder, want it tempo moat trochgean, oars wurd it neat.  Ik wol de minsken dy't op it toaniel stiene in GEWELDIG komplimint meitsje, want d'r wiene mominten dan hiene jo de triennen yn'e eagen, want it stik behannele wol de legere klasse fan'e maatskippij en tsjin dizze minsken wurdt gauris tsjinoan trape troch de KLASSE, alteast hja tinke faaks dat se it binne mar se kinne noch wat opstekke fan dit folkje.

Elts hie syn rol yn myn eagen en ik doar te sizzen dat se dit wiermakke ha en ik wol gjin ien apart neame, want dan doch ik de oaren te koart en dat wol ik net.  Jimme ha it folk yn'e seal in prachtjûn besoarge en de measten hien yn gjin tiiden sa'n geweldige toanieljûn belibbe, no dat seit tinkt mei genôch, d'r wie in echtpear dy hiene nei Tryater west en dat foel sa tsjin dat doe wiene se by jimme te sjen en harren jûn wie geweldich seine se. ( In moai komplimint famylje, dêr binne wy grutsk op)

Sa komt oan alles in ein en dit toanielbarren wie yn myn eagen in Boppeslach fan Wêz Handich en it sil in poepetoer wurde om dit te oertreffen. mar ja siz noait dat it net mooglik is, wy dogge alle war om wat gaadliks te fienen, jongens en famkes ik wie tige tige GRUTSK op jimme en wa wit miskien it oare jier wol wer as jimme dat wolle, ALBERT en syn folkje de groetnis fan:

Feije Westra

{becssg}stories/cssgallery/WHtoniel2013{/becssg}

 

Agenda

Datum: maandag 01 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 03 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 08 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 10 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 15 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 17 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: zaterdag 20 apr 2024
Tijd: 20:00 - uur
Ladies Only Bingo
Datum: maandag 22 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 24 apr 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 29 apr 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 01 mei 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 06 mei 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 08 mei 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar
Datum: maandag 13 mei 2024
Tijd: 14:30 - 15:45 uur
Senioren in beweging
Datum: woensdag 15 mei 2024
Tijd: 09:30 - 11:30 uur
Mei elkoar

Uit de albums

Playbackshow Wê...

Zoeken