header1.jpg

De erfenis fan muoike Bella

muoike bellaFreed en saterdei 8 en 9 desimber spile it t.s. de Rottefalle de klucht "de erfenis fan muoike Bella" yn it doarpshûs it Werflân. Meielkoar kamen der sa 'n lyts 250 taskôgers de klucht te sjen. In moai resultaat foar de toanielklup.


Yn de klucht spilen Rennie van Kammen, Hennie Meppelink, Angré Rijpma, Lydia de Groot, Aleida Spaak, Marco J. Westerhof, René de Haan en Teije Pool. Hja diene dat ûnder de regy fan Jelle van der Veen fan Burgum. Liesbeth Bosma soarge der foar dat de spilers har rol goed opseine as ynstekster. 
It dekôr wie lykas foargeande jierren wer boud troch Lieuwe Booi en ek fan 't jier krige er assistinsje fan Harm Jonkers. It like der eefkes op dat it dekôr tuskentiids ôfbrutsen wurde moast, om 't Tryater ek in útfiering by ús steld hie. Doe 't foarstelling ôflast waard bleauwen Lieuwe en dy dy ekstra put besparre.

Dat de spilers in protte súkses mei dizze klucht hiene die wol bliken: hja kregen in steande ovaasje fan it publyk. 
It selskip hat de beskikking oer in spylploech dy 't út in moaie fariaasje oan leeftydsgroepen hat: fan in pear noch hiel jonge spylsters - Lydia en Aleida - ta Teije Pool dy 't al fan de oprjochting ôf meispilet. Ek de technyske begelieding mei lûd en ljocht troch Wim Stuivenwold en en it kap- en grimewurk troch Annie Bergsma, Styn Mast en Ria Zandbvergen wurdt mei eigen minsken fersoarge.

(sjoch hjir de foto's fan Joop Mast)

 

 

Us doarp de Rottefalle (feestcommissie)

Zoeken