header1.jpg

Krystmerke yn 't Werflân

krystmerke2017It doarpshûs it Werflân wie tongersdeijûn 14 jannewaris oan ‘e kop ta fol mei minsken. Yn de grutte seal fan it doarpshûs wiene 28 tafels beset dêr ‘ t de keaplju harren waren op útstald hiene.

 

Jûns om sân oere wie de merk iepene en fuort al streamden de minsken ta. It wie in hiele gesellige drokte yn ‘t Werflân.
It wie foar ‘t earst dat der sa’n krystmerke organisearre waard troch it doarpshûs. Om dizze jûns al fêst learing dwaan te kinnen mei de opset en de organisaasje. It wie ek dêrom dat de keaplju gjin stanjild hoechden te beteljen.

It bestjoer fan ‘t doarpshûs kin mei har koördinaasje kommisjeleden en frijwilligers op in tige slagge jûn werom sjen.

(sjoch hjir de foto's fan Joop Mast

 

 

 

 

Us doarp de Rottefalle (feestcommissie)

Zoeken