header5.jpg

Jiergearkomste doarpsbelang 2018

bestjoer dbOp 7 maart hâlde doarpsbelang har jiergearkomste yn doarpshûs it Werflân. De bewende list fan agendapunten waard ôfhannele. Mei in moai ferslach fan de foarrige jiergearkomste en in jierferslach, dêr ‘t mannich hichtepunt de revu passearre. Ek de skathâlder koe syn jildelik ferslach mei ynstimming fan de kaskommisje goedkard krije.

Foar de bestjoersferkiezing wiene der 3 leden reglementêr ôfgeand en op ‘e nij beneamber en sa waarden Atze Bron, Piet van Kammen en Margriet Wieldraaier  wer foar in nije sit beneamd.
De ferskillende wurkgroepen dy ‘t troch doarpsbelang ynsteld binne koene ek op dizze jiergearkomste harren sechje dwaan (sjoch ek de foto ‘s fan Lippe Atsma).

Oan ‘e ein fan de wurklist hie Durk Veenstra fan de Nijebuorren in prachtich ferhaal oer de histoarje fan ús doarp dat al fan 1618 ôf yn ‘e ferskillende geskriften neamd wurdt. Syn ferhaal waard ûnderstreke mei moaie âlde foto’s fan ús doarp.

JoopM   (sjoch hjir de foto's fan Lippe Atsma)

Zoeken