headerRotttevalle

Fiver hertekamp opknapt

fiver hertekampDe âlde fiver yn’t hertekamp wie fersakke. Dat wie in fjouwerkante bak, dy 't net sa maklik skjin te hâlden wie. Doe ha wy – de behearders fan doarpsbelang – besletten in nije fiver te meitsjen yn de foarm fan in pompeblêd. We koene dit mei jildelike stipe fan de Kompagnons réalisearje.

 

Wy ha op moai waar wachte, sadat der in kraan tichte by de fiver komme kinne soe. De fiver ha wy in bytsje ferpleatst om wat better sichtber te wurden foar ús gasten.

Nei't wy likernôch 1000 tegels (30 x 30 sm) opromme hiene (se binne fergees op te heljen!!!), kamen wy foar in grutte ferrassing te stean; ûnder de tegels leinen 30 stiks flierbedekking (2 à 3 lagen tsjok) mei nochris 2 lagen plestik. It wie in hiele put wurk om dizze swiere, wiete stikken flierbedekking út dy âlde fiver wei te heljen.

Siebe – de kraanmasjinist – wie noch gjin 5 minuten oan ‘t graven, doe ‘t wy in lûd siskjen hearden. Wy tochten fuortdaliks oan in lek yn ‘e gasleiding , mar hy hie in lekke bân krige; yn ‘e grûn stike noch in âlde fundearing fan in mûne. Nei ‘t de bân plakt wie, wie de fiver middeis om 1 oere útgroeven.

Wy ha meielkoar besletten it âlde plestik en in grut part fan de fliermatten wer te brûken foar de nije fiver: cradle to cradle. It beton bleau tidens it stoarten hjirtroch moai tsjin de rânen oanlizzen.

It hat wol in pear dagen duorre foar’t ús swannen yn ‘e fiver doarden te swimmen. Mar sûnt freedtejûn (20 april) is it klear.

Tige graach wol ik de frijwilligers Lieuwe, Harm, Paulus, Remkus en Klaas tank sizze foar har ynset.

Foar Doarpsbelang: Atze Bron

 Foto' s van Atze Bron staan hier.

Zoeken