headerRotttevalle

Doarpsbelang pleatst nije paadwizers

IMG 2502Doarpsbelang Rottefalle hat nije paadwizers yn ús doarp pleatst. De âlde paadwizers wiene slim ferâldere, sawol nei materiaal as nei oanwiispunten.
It bestjoer hat noch besjoen oft de âlde buordsjes oanpast wurde koene, mar hat dêr fan ôfsjoen, om ‘t de letters yn ‘e âlde buordsjes freesd wiene en der dêrnei ek grutte kleurferskillen ûntstean soene. De nije paadwizers hawwe in nije kleur, blau en wyt.

De nammen fan "gereformeerde kerk",  “bibliotheek”en “groene kruis” binne ferfongen foar de hjoeddeiske nammen fan bgl. “protestantse kerk”, “mfc it werflân” en “educatief bos”.

Foar de bekostiging fan de trije paadwizers hat it bestjoer jildelike stipe krige fan de Kompagnons.

(sjoch foto's JM)

 

Zoeken