headerRotttevalle

Te drûge simmer foar ‘t sedum dak fan it Werflân.

 

droechte sedumdakDat it hyt en waarm wie en ferskuorrend drûch dat ha wy allegearre tige goed fernommen. Planten ferdrûgen, gasons waarden hielendal giel, beammen stiene der by mei sloppe blêden, en gele blêden dêrûnder, it like betiden as wie ‘t al hjerst.
Foar ‘t sedumdak fan ús nije Werflân kaam de hitte en drûchte ek bêst oan. It sedumdak is begroeid mei lytse fetplantsjes.

Ferline wike die Sieger Visser – technysk adviseur fan ‘t Werflân – de ûntdekking dat it der op like dat it fiersten te bot oankaam foar dy plantsjes wat de drûchte oanbelange. Fansels murk er doe ek dat elkenien mei fakânsje is.
Lokkich wie dat net sa mei Geurt Kets. Dy hat mei grutte slangen in pear dagen it dak oan it besproeien west.  It sproeien gie net altiten like maklik,  omdat de druk op 't wetter  betiden wakker leech wie. 
No sil der ôfwachte wurde moatten oft dy hulp fertuten dwaan sil: Sieger is der bang foar dat der party plantsjes binne dy ‘t ferdrûge binne. It substraat lit neffens him sjen dat we al troch de sedumlaach hinne binne.

 It dak  fan 't Werflân is net mei in bereiningsynstallaasje ynrjochte. (JM)

 

Zoeken