headerRotttevalle

Rottefalle 400 jier

smelneserfskip001In skoftsje lyn siet der in prachtich tydskrift yn ‘e bus fan Smelne’s Erfskip mei as titel  "Rottevalle 400 jaar”. Wat in pronkje!!

Fan ‘e moarn – snein 28 oktober om 11 oere – omrop Fryslân mei Buro de Vries mei in reportaazje oer 400 jier de Rottefalle mei ús doarpshistoarikus Dirk Veenstra. De namme doarpshistoarikus krige Durk fan Omrop Fryslân en terjochte! (hjir te beharkjen: omropfryslan.nl)

It tydskrift gearstald troch Jaap van der Wal en Durk Veenstra is wier in pronkje: skitterjende foto’s, tige nijsgjirrige artikels. In oantal bekind fansels by de besitters fan de histoaryske boeken oer de Rottefalle. En wat in machtige, skerpe loftfoto fan hast ús hiele doarp.

Mysels - as âld-direkteur fan de twatalige iepenbiere skoalle “Yn ‘e Mande” - sprekt de bydrage oer juffer Wike Zylstra tige oan: har ynset foar ‘t memmetaal ûnderwiis fan ús Fryske bern. Yn hiel Fryslân wiene der op ‘t lêst in 80-tal skoallen dy ‘t har ûnderwiis sa ynrjochten, dat de bern de earste begripen fan lêzen, skriuwen en rekkenjen oanlearden yn har eigen memmetaal.

In oar haadstik dat de âld-skoalmaster tige oanluts: “van 1 naar 2 naar 1.” It begjin fan ‘t ûnderwiis yn ús plak mei ien (iepenbiere) skoalle, dy ‘t troch 3 gemeenten ûnderhâlden wurde moast, doe nei de gelyk berjochtiging fan iepenbier en bysûnder ûnderwiis de kristlike skoalle oan de Langewyk en as ôfsluter de nije mienskiplike gearwurkingsskoalle yn it Werflân.

Doarpsbelang en de Kompagnons ha dizze útjefte jildelik stipe. Prachtich dien. (skr.:JM)

Zoeken