headerRotttevalle

Frysk Kabaret mei Dûbelportet

DSC 0214De Kulturele Kommisje Rottefalle hie freedtejûn 23 novimber  it Hymphamptheater fan ús doarpsgenoaten Jelmar Hoekstra en har man Paul Siemensma mei harren maten Fokke Plantinga en en Anko Bouma te gast. It kabaret "Dûbelportret" naam ús û.o. mei nei in gearkomste fan in frouljusferiening,  in âldergesprek tusken in juf en in heit, en nei Brian fan it pasjintenferfier. De prachtich besette seal yn it Werflân lei betiden krûm fan it laitsjen om de meastal hilaryske sênes. 
In prachtige bykomstichheid foar de kulturele kommisje wie de opkomst fan in folle breder publyk as wenst. 
Foarsitster Epke Veenstra koe nei ôfrin dan ek tige bliid it selskip tank sizze mei blommen foar harren kabarateske útfiering (JM)

Foto's (JM) staan hier

Zoeken