headerRotttevalle

Plakette by sweltsjetil

 

DSC 0306

Saterdeimoarn 13 april is der in plakette mei in ynformaasjeboerd pleatst op de master Keuningwei by de sweltsjetil.

Geart Veenstra en Gertjan de Haan hawwe it hiele gefal mei boerd kreas en stevich yn beton ferankere delset. Wiebe Klaren is mei Geart Veenstra de inisjatyfnimmer fan de sweltsjetil en wie derby ek oanwêzich en hy ûntbleate it ynformaasjeboerd. Wiebe Klaren is foar dit inisjatyf ek al beleanne mei de Kulturele Oanmoedingspriis 2017 fan de FNP.

Yn it Slûske fan maart 2017 lêze wy dat de sweltsjetil troch boubedriu Frankena út Wommels makke is. Foar dit plak hat men destiids keazen om ‘t it moai op ‘e romte is. It leit no noch yn ‘e bedoeling 3 peallen te pleatsen dy ‘t mei in line ferbûn wurde sil mei de til, sadat de sweltsjes dêrop rêste kinne.

De sweltsjetil is mei betelle út it buertbudget fan de gemeente Sellingerlân en troch sponsering fan de Compagnons der Rottevalster Vaarten en het Vallaat, Durk Pultrum Fonds Boelensloane, doarpsbelang de Rottefalle, de FNP, boubedriuw Frankena, bou-ûndernimming De Haan, Verreiker Centrum Noord Boelenslaan, BFVW (Bond Friese Vogelwachten) en fûgelwacht Drachtster Kompenije.

Foto's JM

 

Zoeken