headerRotttevalle

Utfiering t.s. de Rottefalle
Vrijdag, 15. Maart 2019, 20:00
Hits : 64

Utfiering t.s. de Rottefalle mei tragikomeedzje " Gouden Hantsjes"

Us toanielselskip spilet de tragikomeedzje " Gouden Hantsjes" fan Haye van der Heyden yn ' t Frysk oerset troch Baukje Stavinga. 

It ferhaal giet oer Louis, in rike pensjonearre sakeman mei in noas foar froulju. Troch de froulju is Louis sa ryk wurden. Dan komt er ûnferwacht allinne te stean as syn folle jongere frou Emma - wêr't er hiel gelokkich mei is - ynienen stjert. Oan har stjerbêd moat er Emma belove dat er nei har dea wer gelokkich wurdt. It blykt in belofte, wêr't er net ûnder út komme kin en wêryn't 5 froulju in wichtige rol spylje. De dames dogge harren uterste bêst om him te treasten: in rike man allinne litst fansels net samar rinne!