De Stroatklinkers
In ôfladen folle Menniste Tsjerke hearde sneintemiddei 20 jannewaris mei folle plesier nei 't optreden fan de Grunninger Stroatklinkers. It plesier dat de manlju yn har optreden hiene brochten se folop oer op 'e seal. Sa hearden wy,op nûmers fan Ede Staal en fan Johnny Cash. Ien fan de nûmers fan Ede Staal waard ek nochris yn 't Frysk ûnferwachts - brocht troch in neef fan Aldert Postma, dér 't er de Rottefalle yn sintraal stelde. In prachtige middei.