header5.jpg

Lekker iten op it Moarnsbrochje !

moarnsbrochje2014Saterdei 14 juny skoden in lyts 150 Rottefalsters oan it tradysjonele moarnsbrochje oan. Yn it jier foar ôfgeande oan it doarpsfeest organisearre de doarpsfeestkommisje dit no alwer foar de 4de kear.
Tusken 9.00 oant 11.30 oere koe men fergees gesellich meielkoar ite. Fan 't jier yn de tún fan "it Tiksel". Tige handich en ek dat men de biljertseal brûkte foar de tafels mei bôleguod, en wat der allegear op 'e bôle kin: gesneden, tsiis, jams en sa mear. 
De kommisje hie 't mar knap organisearre en de ôfspraak mei Piet Paulusma kaam aardich út: it waar koe hinne bruie.(Sjoch foto's Alex de Voor)

 

 

 

Zoeken