header4.jpg

Peuterfalle 40 jier

peuterfalle

Freed 20 juny betocht de pjutteseal “de Peuterfalle” oan de Havenwei dat hja 40 jier bestien hie. Dat waard fansels earst mei de bern fierd en de jûns wiene de âlden fan de pjutten, it Stichtingsbestjoer fan it gebou mei Metsje Keuning en Atze Bron, de direktrise fan de MOS Annette Folkertsma útnoege troch de aktiviteitenkommisje foar in hapke en in drankje. Sa joegen ek Froukje Roorda en Jiskje Veenstra as frijwillichster en Welmoed Ybema as ynfalster, skoalskjinmakster Jannie Dijkstra en kollega pjutteliedster Sietske van der Meulen op dit jubileum akte de presence. Ek juf Sijke har âlden en broer en susters fierden dit heuchlike barren mei.
Juf Sijke hat fan 't begjin ôf oan op de Peuterfalle de Rottefalster bern ûnder har hoede hân. Earst as frijwillichster en letter as pjutteleidster. Hja is mei de lytskes destiids yn 't âlde doarpshûs begûn en yn 1977 – doe 't de nije basisskoalle Yn 'e Mande iepene waard en de beukers fan de Havenwei dêr ek hinne ferhûzen – koene de pjutten nei de Havenwei ta. Juf Sijke hat no de bern fan de bern (fan de heiten en memmen fan har begjinjierren) by har yn de groep. “Se hat heal de Rottefalle hast op 'e skoad hân”, hearde ik sizzen.
Twa moannen yn 'e wike komme der in 15 tal bern nei “de Peuterfalle” ta. Skielik geane se wer nei 't âlde plak – dan yn 't MFS – oan de Master Kuiperswei. 

.(Sjoch foto's fan Joop Mast)

 

 

  

Zoeken