header3.jpg

Sierd Atze Bron en Anneke Bron-Oosterhof 60 jier troud

diamanten brulloft op 6 septimber 2014

 

krantSADe hiele Kompagnonswei flagge en wy hiene in poarte foar harren hûs makke. Op dizze bysûndere dei kaam de boargemaster fan Smellingerlân, de hear Van Bekkum op visite; de boargemaster hat fan healwei tsienen oant healwei tolven by ús heit en mem op ‘e kofje west. Dy stelden dat tige op priis.
Dêrnei wie der in serenade foar harren hûs fan it muzykkorps Polyphonia.
Tagelyk reinde it post yn harren brievebus: ien brief wie in hiele spesjalenien: dy kaam fan de kening en de keninginne, dy ’t har lokwinsken mei dit jubileum: dat wie fansels in hiele ferrassing.
Yn it restaurant fan “de Vrijheid” yn Grou ha wy mei famylje en freonen in prachtige jûn hân.
It is unyk en hiel bysûnder om dit mei meitsje te meien, sa fûnen ús âlden.
It wie bjusterbaarlik moai!

Atze, Steven , Rensina en Anneke. 

 sjoch foto's fan: Leila Mozes Fotografie

Zoeken