header6.jpg

"Van Berini tot Solex" op sneintemiddei yn DG tsjerke 

beriniDe trije musikanten, Marjolein Meijers mei de bruorren Walter en Onno Kuipers hawwe der in prachtige middei fan makke. Somtiden spetterjende musyk fan fioele, gitaren, banjo, bousouki, doedelsek, akkordeon en lûkpûde mei Marjolein oan de kontrabas. Marjolein fertelde in soarte fan libbensferhaal mei humor, wylst ek har ferskes faak sels skreaun wiene. De beide bruorren firtuoas mei fioele en akkordeon spilen Ierske, Cajun en Folk en begelieden Marjolein by har ferskes. It wie yn it Tsjerkje - dat goed beset wie - genietsjen.
(sjoch foto 's Lippe Atsma) 

 

 

Zoeken