header6.jpg

Tink om'e buorlju!

WH toneelDe toanielploech fan WêzHandich spile ofrûne sneon, op de jierlikse feestjûn fan de kuorbalferiening Wêz Handich, it toanielstik "Tink om'e buorlju!'
Yn de grutte seal fan it doarpshûs It Tiksel, dêr ‘t eltse stoel oan de lêste ta beset wie, waard it publyk traktearre op in noflik jûntsje laitsjen.
Dit wie  grif ek de alderlêste toanielútfiering, dy't yn it âlde doarpshús hâlden is. Mids 2015 sil dit doarpshûs plak meitsje foar in gloednij MFS!
"Tink om'e buorlju!" is in fleurich stik yn 3 bedriuwen. It ferhaal spilet yn it hûs fan dokter Pil. Dizze dokter hat fanwege syn jubileum fan syn pasjinten in fakânsje nei Kanada oanbean krigen. Syn buorman, Jan fan Dalen dy ‘t boekhâlder is, hie fansels it behear oer it jubileum fûns.No wie der net safolle jild binnen kommen as hy begrutte hie, ja hy hie eins wol in behoarlik tekoart. Hjir moast fansels wol wat op betocht wurde om dat tekoart oan te foljen.Hy betinkt dan ek in plan mar of dat wol sa'n goed plan wie!?
Yn "Tink om'e buorlju!" spilen wer prachtige typkes, lykas it boerenstel Kees en Kobe, fantastysk delset troch Jan Wolter en Betty. Ek de oare spilers stigen dizze jûn boppe harren sels út. Mei tank oan it publyk fansels dat gelyk goed yn it ferhaal siet en by 't soad meilibbe mei wat der op it toaniel barde.
Oan de reaksjes fan it publyk te oardielen, ûnder en nei it stik, hat elkenien him poerbêst fermakke dizze jûn.
De toanielploech krige nei ôfrin dan ek in steande ovaasje.buorlju
Freed 6 febrewaris is it stik noch in kear oer it fuotljocht brocht. Dizze jûn waard organisearre troch de kulturele kommisje fan De Rottefalle. 

(sjoch ek de foto's fan Lippe Atsma)

 

 

Zoeken