header6.jpg

Beammen omseage by 't doarpshûs 

DSC 0280

Freed 13 febrewaris bin der beammen by 't doarpshûs omseage, dy 't gjin funksje mear hawwe yn 'e romte fan skielik it nije Mulri Funsjonele Sintrum (MFS). Sawol foar as efter binne der beammen omseage. Beide op plakken dêr 't skielik boartersromte foar de KDO (berne dei opfang) en it skoalplein fan de basisskoalle komme sil.
Is der al lang efter de skerms wurk ferset foar de komst fan it MFS, mei dizze beammekap wurde no de earste sichtbere  hannelings dien foar de nijbou fan it MFS.

Sa 't it der no by stiet yn de plannen, sil de sloop fan  't doarpshûs yn de twadde helte fan april plak fine. 
Oer it ôfskie fan it doarpshûs krije de Rottefalsters yn 'e rin fan nije wike in ynformaasje folder yn 'e hûs.

Joop Mast

 

 

Zoeken