header4.jpg

Rolling Home by Kulturele Kommisje

 

rollinghomeIn tige slagge kulturele jûn. Freedtejûn 20 febrewaris koe in moai besette doarpstsjerke lústerje nei it Folk-en Shantykoar "Rolling Home" út Snits en wide omkriten. Der koe harke wurde nei moaie Frysk-, Ingels-,Skots-, en Iersktalige lieten, mei moaie solopartijen.
It wie in hiele noflike sfear, sa fûnen it publyk en ek de sjongers, dy't foaral de akoestyk yn de tsjerke sa goed fûnen. Hja wolle it oare jier fuort wol wer komme.

Saterdeijûn 14 maart o.s. komt de toanielploech út Drachster Kompenije mei it blijspul "In goede freon en kollega".
Jûns om 20.00 oere yn it doarpshûs "It Tiksel".
Jeltsje Lieuwes en sjoch ek de foto 's fan Lippe Atsma

 

 

Zoeken