header1.jpg

In earrebarrenêst yn  't hertenkamp

 

earrebarrenêstFreed te middei 20 maart hat de fa. Wouthout út Grins in earrebarrenêst yn it hertenkamp pleatst. Wout Ardon hat op in moaie rjochte stam fan de lariks in hiel grutte koer yn de foarm fan in tsjil pleatst. Mei help fan de kraan fan Siebe fan de fa. Jan Bol is it hiele gefal moai rjochtop tichteby de fiver op syn plak kommen. Doe 't nêst goed en wol te plak stie fleagen der al twa earrebarren boppe it sportfjild en rêsten dêr in skoftsje op de ljochtpeallen. Soene dy faaks om in plakje sykje? No dat is der no.

 sjoch de foto 's fan Joop Mast

 

 

 

 

 

 

 

 

Zoeken