header6.jpg

Boelguod fan it Tiksel


boelguodSaterdeimoarn likernôch 10 oere drippelen de earste keapers it doarpshûs yn foar it boelguod fan alles wat los en fêst sit yn 't Tiksel. Guod dat net wer brûkt wurde kin yn 't nije Multi Funsjoneel Sintrum kin no fan de hân dien wurde. Tafels, stuollen, in buro, in doarskezyn, lampen, armatueren, knieren, kopkes, pantsjes, in stalen kast, in brânkast, biezems mei riis, te folle om op te neamen. Oan de ein fan it boelguod om 1 oere hinne is fierwei it measte ferkocht. Allinne it meubilêr (tafels, stuollen mei en sûnder leunings) is noch (lang) net hielendal ferkocht. In flugge telling fan de kassa leart dat der op dit stuit al foar sa'n € 1000 oan de man brocht is. De hiele ploech helpers/frijwilligers kin foldien de restanten nei de kontainer ta bringe en de seal noch ien kear klear meitsje sette foar it offisjele barren op wensdeimiddei 22 april by de ûndertekening fan de ôfspraken tusken de ferskillende dielnimmers yn it nije MFS.
Wat binne wy - bestjoer fan "it Tiksel"- wiis mei safolle frijwilligers: ús tank!

sjoch ek foto 's Joop Mast

 

 

Zoeken