header3.jpg

Sloop doarpshûs begûn

doarpshûsjuny20153Tiisdei 9 juny is de fa. Van der Wal út 'e Jouwer om healwei 9 begûn mei de earste sloopwurksumens fan it doarpshûs. Mei Cor Bakker fan 'e gemeente wiene der 2 man fan de fa. Van der Wal. Har earste oanpak is it ferwiderjen fan asbest. Dus fan bûten ôf is der no noch neat te sjen as it suterige gebou, sa't we  't de lêste wiken kinne.
De ynskatting is dat de sloop 5 wurkbere wiken yn beslach nimme sil:  ynbegrepen 't opromjen fan fûneminten, liedings en rioel ensa.
Freedtemiddei 12 juny hat it "Milieukundig Advies Bureau Inspecties en Analyses " it gebou foar asbest frij jûn. Neat stiet no Van der Wal mear yn 'e wei fierder te gean mei de sloopwurksumens.

Joop Mast (sjoch ek: www.ittiksel.nl)

 

 

Zoeken