header2.jpg

Doarpsfeest 2015: Tsjerkepaad

 

tsjerkepaad2015Nanne en Ankie, Douwe Kootstra en Bauke van der Woude en Campbell

Tongersdeimiddei 3 septimber om ienen hinne begûn de rin al nei de Menniste Tsjerke om dêr it optreden fan Nanne Kalma en Ankie van der Meer by wenje te kinnen. Deifoarsitter Aly de Boer koe in folle tsjerke ferwolkomje. It waard in prachtich, muzikaal barren mei Nanne en Ankie. Hja hiene in prachtich ôfwikseljend program foar de feestgongers fan ús doarp. Likernôch healwei trijen sette “it sirkus” de gong der yn nei de Doarpstsjerke ta, dêr 't in ferteloere wie fan Douwe Kootstra. Hy hie fan Dam Jaarsma prachtige folksferhalen sammele en liet ús dêrfan genietsje yn moai frysk en laden mei de noadige humor. In oere letter gyngen de feestgongers nei de PKN tsjerke ta om dêr Bauke van der Woude en Campbell Forbes te hearren. Beide mannen fertelden fan har reis nei't bertelân fan Campbell – deBahama's – en hongen dêr harren liedsjes oan op. Ek dit optreden foel wakker yn 'e smaak – fûn ús deifoarsitter Aly – en dêr koe elk mei ynstimme.

Joop Mast en as jo hjir klikje kinne jo de foto's fan my sjen

 

 

 

Zoeken