header3.jpg

Doarpsfeest 2015: barbekjoe

 

barbekjoe2015Freedtejûn 4 septimber healwei seizen koene de feestgongers yn 'e tinte terjochte foar in mienskiplike barbekjoe fersoarge troch slachter Otte Boersma en syn minsken út Eastermar. No der wie aardich flecht op 'e koai. Men hie fantefoaren bonboekjes keapje kinnen foar in karbonade, woarst, hamburger en in stokje saté. Fierders koe men te kust en te keur by tafels mei saladen en sausen. 

De tinte stie moai blau fan de reek fansels, mar de sfear wie der net minder om. Lange tafels mei gesellich pratende doarpsgenoaten, dy 't har de baksels fan de barbekjoe goed smeitsje lieten.
Oan 'e ein fan de iterij waard der ôfskied nommen fan Aly de Boer en Peter Pool as bestjoersleden fan de Feestkommisje. Mei dikke tuten en blommen waarden hja betanke foar har ynset fan respektivelyk 4 en 5 feesten, dy 't hja mei organisearre hiene.

Joop Mast, en mei ien klik binne jo by de foto's fan de barbekjoe fan JM

 

Zoeken