header2.jpg

Doarpsfeest 2015: de optocht

optocht2015Freed 4 en saterdei 5 septimber ried in optocht fan 13 fersierde weinen fan de buerten fan ús doarp en 3 yndividuele dielnimmers fan de Fintsjes ôf de Buorren yn om sa via in lange rûte fan strjitten har rûnom sjen te litten. Freed foel spitich troch it minne, reinige waar de optocht op 'e helte fan de omloop út. It wie net langer te dwaan. Guon bern stiene te triljen op 'e wein. 
Saterdeimiddei begûn de optocht mei sinne, mar yn'e fierte hongen ek driigjende loften. En dy lieten har frachtsje ek nochris fierderop yn 'e omgong op de optocht los. Spitich!

Joop Mast, en klikje hjir foar de foto 's fan my fan de optocht

 Op de side fan de Feestkommisje steane alle útslagen 

 

Zoeken