header6.jpg

It ûntstean fan de Doarpsrevu 2015

 

foto 1Yn 2014 waard de toanielôfdieling fan Wêz Handich benadere troch de doarpsfeestkommisje mei de fraach oft se der nocht oan hiene om, yn gearwurking mei T.S. de Rottefalle, in doarpsrevu gear te stallen. Dizze revu soe dan de iepeningsact wurde foar ús doarpsfeest yn 2015. Tsja , it súkses fan de Compagnonsrevu yn 2013 smakke fansels nei mear!
Al gau waard der in kommisje fan wizen foarme om dit foar elkoar te krijen. Net ienfâldich want it moast fansels op syn minst it súkses fan de “ Compagnonsrevu ” meunsterje kinne!
Dy kommisje fan wizen wiene: Jouke de Vries, Joop Mast, Wietske de Boer, Betty Atsma en Wilco Numan.
Healwei septimber 2014 waard der yn ferskate doarpsmedia al in oprop dien oan entûsjaste doarpsbewenners oft se nocht hiene om mei te dwaan oan in doarpsrevu. Want ja , litte wy wol wêze , sûnder spilers gjin revu. Dy oprop wie net oan dôvemansearen rjochte! Yn in lyts skoftsje tiid sieten we al oan ús taks!
No koe de revukommisje definityf oan de slach en de earste brainstormsesjes waarden belein. De revu moast fansels ek oanslute by it tema fan it doarpsfeest : “ Wêr binne jo mei dwaande”? 

 

 


foto 02

 

Al gau ûntstie it idee om in kameraploech fan Omrop Fryslân troch De Rottefalle skarrelje te litten foar it programma “Hea” en harren dêr tsjin in oantal minsken en situaasjes yn it deistich libben oan rinne te litten; wêr binne de minsken yn ‘e Rottefalle op dit stuit mei dwaande? Fansels wie it hjirby de keunst om in oantal aktuele saken Rottefalle oangeande oan te snijen, lykas it ferdwinen fan de pinautomaat út ‘e Rottefalle en it MFC. Mar ek mear algemiene aktuele tema’s lykas de soarch, oerlêst fan de buorlju en de beslommeringen rûn de rolkontainers geane fansels de Rottefalle net foarby en krigen ek in plakje yn dizze revu.
Dêrfoar moasten fansels wol de nedige sketskes betocht wurde mei de nedige humor en ôfwiksele mei ferskes. Ek hjir hie de kommisje wer ferskillende boarnen om út te putten. Der waard hjir en dêr ek wol ris in sketske liend (fan Geart Hager, JM))en werskreaun sadat it wat te krijen hie mei De Rottefalle. Jouke, Wilco en Joop hawwe harren dwaande hâlden mei it bewurkjen fan dizze sketskes.
De kameraploech soe de ferbinende faktor wurde tusken de ferskate sketskes om sadwaande ien gehiel te foarmjen.
Tom de Boer waard ree fûn om dizze ferbinende teksten te skriuwen. En mei súkses sa die letter bliken! Tom , noch tige betanke foar dyn ynset, it koe net better!
Goed, in revu sûnder ferskes mei de namme revu net drage dus dêr moast ek noch wat foar betocht wurde. Besletten waard om ferskes op bekende popmelodytsjes te (her)skriuwen. Dit om de werkenberheid en it ferskaat te fergrutsjen. Betty en Wilco namen dizze taak foar harren rekken.
Wietske soe de choreografy op har nimme, want der moasten fansels ek dûnskes by en Wijke Bargerbos waard frege oft sy de sang begeliede woe.
Om de muzyk op CD oer te setten en om ús technysk by te stean by de revu waard Koop Hoekstra benadere. Feije Westra waard frege om de rezjy fan dizze revu op him te nimmen. Fol passy begûn oan dy taak, moast hy yn de rin fan it proses spitigernôch fanwege syn sûnens ôffalle. Gelokkich waard Bauke Benedictus ree fûn om de rezjy fan Feije oer te nimmen. Feije , noch betanke foar dyn ynset en datst dy mar wer gau hielendal better fiele meist. Do bist yn alle gefallen al wer in moai ein op de goeie wei!

foto 03As dan de revu lang om let klear is, kin it echte wurk begjinne. De rollen moatte ferdield wurde ûnder de spilers en dat moat op sa’n wize dat elts him in bytsje op syn plak fielt. En dan kinne de repetysjes einliks begjinne! Wy binne ûnderwilens begjin april en begjin septimber is it al doarpsfeest . No hear ik jim tinken, 5 moanne repetysjes: moat maklik kinne! En dat is ek sa, wie it net dat de simmerfakânsje ( 6 wiken ) der ek noch tusken siet en we ûnder dizze fakânsjetiid eins nea kompleet wiene. Wy ha sels in kear mei mar 9 fan de 22 spilers stien te repetearjen! Fuort mar 2 kear yn ‘e wike oefenje sadat foar de fakânsjes de revu der foar it grutste part al yn sitte soe. Dan hoegden nei de fakânsje allinnich noch mar de puntsjes op de i!

En dan is it einliks safier: woansdei 2 septimber 2015, 19.30 oere. De spanning rint op efter de kûlizen. De spilers dy' t kapt en opskildere binne troch Annie Bergsma en Ria Zandbergen, kinne hast net wachtsje! De spanning stiicht!
Hoe soe it gean? Binne wy der klear foar? Soe der wat folk op ta komme? En wat soene de minsken der fan fine? Witte wy de teksten noch wol?
Soene ús toanielmasters, Rienk Bergsma en Bauke Benedictus, it spul hieltyd wol op ’e tiid op it toaniel stean hawwe? Der moast bytiden nochal wat fersjoud wurde!
Al dit soarte fan fragen sjitte troch ús hinne foardat we opkomme. Mar sa gau as wy op it poadium stean falt alles fan ús ôf en geane wy derfoar.
En dat dit slagge wie wol te fernimmen nei ôfrin oan de reaksjes fan it publyk yn de grôtfolle feesttinte. Elkenien wie út ‘e skroeven tsjûge it grutte applaus en de steande ovaasje dy't de revu-ploech nei ôfrin krige!

Wy wolle dan ek graach fan hjirút noch even mei klam sizze hoe grutsk wy as revukommisje binne op dizze fantastyske groep spilers.
Benammen de jongeren dy't relatyf noch mar in bytsje toanielûnderfining hiene ha in geweldige prestaasje delset!
As lêste wolle wy noch graach elkenien by namme neame dy't mei spile hawwe yn dizze geweldige doarpsrevu:

 

foto 05

Nynke Numan, Simon Numan, Welmoed Ybema, Marijke Bosma, Anneke Westra, Bauke Benedictus, Froukje Roorda, Betty Atsma, Wilco Numan, Wytske de Boer, Jelle Witteveen, Aida Jansma , Lydia de Groot , Aleida Spaak , Foppe Jan de Meer, Ducky Visser, Rennie van Kammen, Sietze vd Heide, Lysbeth Bosma, Angré Rypma, Susanne Schootstra en Wijke Bargerbos. Jong en âld by elkoar en troch elkoar en dochs ien goed tiim, dêr meie wy mar GRUTSK op wêze!!!

TOPPERS!!!!

Sjoch foar mear foto’s op de site fan www.rottevalle.com.(foto's revu 2015)

De revu-kommisje:
Wilco Numan en Betty Atsma

 

Zoeken