header1.jpg

Gjalt de Groot oan 't ferhaal

gjaltdegrootOp de Kulturele jûn fan 9 oktober 2015 hiene wy  Gjalt de Groot, fjildman, mûnder en rasferteller út Holwerd en Titus de Wolff fan Flansum, muzykman, útnoege.  Titus brocht út en troch eigenmakke muzyk oer it fuotljocht. Gjalt liet ús prachtige libbensferhalen hearre.   As jonge,  berne earne ûnder Warten-Wergea yn it rûge feanlânskip fan it Lege Midden fan Fryslân,  hat hy hiel wat meimakke.  Ek einekuorren meitsje fan reitgêrs en flaaks (foto) kin er omraak. Ta beslút hie hy ek noch rikke iel meinaam dy’t er te keap hie. Hy wie se samar kwyt.

 (sjoch de foto's fan Lippe Atsma)

 

 

 

 

 

Zoeken