header1.jpg

Tige slagge kuiertoaniel

kuiertoaniel

Wat in boppeslach hie it toanielselskip de Rottefalle makke mei har fynst fan it spyljen op meardere lokaasjes yn ús doarp: wy bringe kuiertoaniel. De ôfbraak fan “it Tiksel” hat in prachtich alternatyf bean foar dizze útkomst.
De kantine, de aaiskuorre en de Menniste Tsjerke waarden omtovere yn lytse teaterkes, dêr ’t op elk plak in 60 taskôgers plak krije koene. De kaarten wiene hast útferkocht! En de keapers hiene der gjin spyt fan krigen! Hja seagen moaie ienakters. De reade tried dy ’t der troch alle 4 hinne rûn hie mei relaasjes te krijen.

(sjoch hjir de foto's fan Lippe Atsma


De 12 tolve spilers fan it toanielselskip fagen op in hiele kreaze wize har toanielpaadsje skjin. Hja hiene û.l.f. Jelle van der Veen fan Burgum op ‘e repetysjes harren plak en rol ynstudearre.  De betûfte spilers lieten har fan ’t jier ek wer op de har bekinde wize sjen.
Ik kin der lykwols net omhinne in pear nei foaren te heljen. Yn de aaiskuorre spile Angré Rypma as nea earder sjoen. Hja sette har 3 freondinnen op sa’n wize te plak, dat de seal der stil fan waard en guon minsken de triennen derfan yn ‘e eagen hiene. Yn de menniste tsjerke foel it spul fan twa jonge blommen op: Lydia de Groot en Aleida Spaak: in pear natuertalintsjes! Hja spilen op sa’n oannimlike wize de beide famkes dy ’t it oer de jonges en har eigen uterlik ha.  Yn ien wurd: prachtich.
De opset fan dizze premjêre jûn mei syn prachtige útfierings kin de feriening mei folle plesier op werom sjen. Grif foar herhelling fetber.
Mar takomme jier fansels spylje op it grutte toaniel yn ’t nije Multi Funksjoneel Sintrum, dat as de plannen helle wurde yn jannewaris 2017 iepenje kinne sil.
Joop Mast.

 

Zoeken