header1.jpg

Earste Peal Multi Funksjoneel Sintrum

earste peal3Wensdei 9 maart koe moarns 11 oere by tige kreas waar de Earste Peal slein wurde troch wethâlder Ron van der Leck fan ús gemeente. Fan moarns 9 oere ôf hiene de bern, dy 't skielik nei de nije gearwurkingsskoalle ta gean sille, in pear peallen oan 't fersieren west mei harren nammen of oare moaie optinksels! Under grutte belangstelling fûn dizze seremoany plak.

Fan alle partisipanten wiene der ôffurdigers oanwêzich: fan de gemeente Smallingerland, fan OPO en PCBO, fan de MOS en Vandaag, fan 't doarpshûs en doarpsbelang, fan de fa. Jorritsma en ITBB, en ek fan it boumanagement BCN út Drachten, de kertiermakker Rinze Dijkstra en fansels ek ús bouadfiseur Sieger Visser.

Tidens de seremoany waarden der filmbylden makke foar in videoproduksje dy 't tidens de hiele bou opnommen wurde sil. Dizze videoproduksje sil skielik brûkt wurde foar demonstraasjes by ús yn 't nije MFS en op foarkommende bou- prosessen yn ús gemeente.
In komplimint oan de bouwers dy 't sa 'n meiwurking en romte jûn ha foar it ynfoljen fan dizze bysûndere gelegenheid.

Joop Mast (sjoch hjir de foto's fan JM)

 

Zoeken