header4.jpg

Jiergearkomste Doarpsbelang.

Tiisdeijûn 5 maart 2013 makken de leden fan Doarpsbelang Rottevalle har jierlikse gong nei “de Herberg van Smallingerland”. Hja krigen de ferantwurding fan it bestjoer fan de aktiviteiten fan it ôfrûne jier foar har. De beide tige, útfoerige ferslagen fan skriuwster Yvette Mulder waarden mei gol applaus goedkard en ek it jildelik ferslach fan Tineke de Vries en har jildelik bewâld waard troch de leden goedkard. Ek de ferslachjes fan Hertenkamp, Aktiviteitenkommisje, It Slûske en de Wepredaksje waarden wakker posityf ûntfongen. Yvette Mulder waard troch foarsitter Rinze Bargerbosch tige loovjend tasprutsen; hja moast reglementêr it bestjoer ferlitte nei har acht tsjinstjierren.  Yn har plak waard Atze Bron mei inkelde kandidaatstelling keazen. It sekretariaat sil no tenei troch Janne Roorda oernommen wurde. Wy as Rotfalsters kinne mar tige grutsk wêze op dit aktive bestjoer.