header5.jpg

turfraceTurfrace: Skûtsjejier  2013

Saterdei 27 april seagen we tafrielen dy 't foar de Twadde Oarloch gewoan wiene yn it Rottefalster libben; yn de haven fan ús doarp kamen skûtsjes oan, dy 't meidiene oan in soart doarpenrace yn ús gemeente. Folle skûtsjes binne ommers makke op Drachtster werven. Ek "de Twee Gebroeders" fan foarhinne Tsjibbe van der Veen fan ús doarp die oan dizze race mei.
Se farden oan de nije haven ta om dêr op 'e hoeke fan de kade har "fracht" ôf te jaan en wer fuort te farren mei in stimpel fan earst de wethâlders Ketelaar en Van der Aart en letter fan Doarpsbelang fan Janna Roorda en Tineke de Vries.
Ien skûtsje kaam hielendal ûnder tûch hast oan de nije haven ta, alle oaren hiene de seilen al folle earder sakje litten. By de Leien seagen wy de skûtsjes wer hielendal optúgd de Lits ferlitten en de mar opgean.
Op de Haven yn it doarp wie in gesellige "Vrijmarkt". Der wie aardich folk ûnderweis al hoe kâld it dizze moarn ek wie.

Zoeken