header5.jpg

Fleurige feestjûn Pipegaeltsjesjongers

DSC 0655Saterdeijûn 28 septimber betocht it shantykoar fan de Rottefalle de Pipegaeltsjesjongers dat hja 25 jier bestien hiene.

 Foarsitter Jehannes Keuning fertelde yn syn iepening, dat der fan de oprjochters fan destiids no noch 4 leden op it toaniel steane: Jan Keuning, Jan Bron, Siebe Tuinstra en Wieger Schra. Ek Joke van der Zwaag, dy’t de kontaktpersoan fan it koar is, heart by de oprjochters.

Hja krigen allegearre in moai bosk blommen en in eare penning mei de fermelding fan 25 jier lid.

It koar hat mei musikaal lieder en aktyf meisjongend lid Tom de Boer in grut ferskaat oan lieten op har repertoir stean. Tom hat ferskate fersen ferfryske en oanpast oan de shanty kultuer.

Tidens it earste optreden hearden wy fan û.o. Jan Keuning en Jan Bron smaaklike foarfallen fan de ferskate optredens hjir yn ús lân en ek yn Dútslan, Denemarken en Ierlân.

 

DSC 0663De gemeente Smallingerland joech akte de presence troch de oanwêzigens fan wethâlder Marjan Sijperda. Hja lokwinske de Pipegaeltsjesjongers en ûnderstrepe dy mei in cheque fan € 250. 

  

DSC 0666De feestjûn waard nei ‘t optreden fan it 25-jierrige shantykoar fuortset mei de hjir yn de Rottefalle fan de eardere Sjong- en muzykjûnen bekinde Skelte Heringa en syn nije groep fan de Barnfinds. Yn it earste optreden foar it skoft hearden we folle “echte” Skelte liedsjes: meastentiden bryk en hilarysk.

  

DSC 0677

De seal lei plat doe ‘t the Barnfinds opfolge waarden troch theatergroep Hymphamp fan ús doarpsgenoaten Paul Siemonsma en Jelmar Hoekstra, doe ‘t hja der tige ûnferwachts yn kamen om hjir en dêr bekinde Rotfalsters ek fan ‘t shantykoar op in ludike wize te begroetsjen. Hja diene foar ‘t skoft noch wat flotte sketskes en setten dy nei ‘t skoft wer fierder. 

De tige fleurige feestjûn waard ôfsletten mei  nochris The Barnfinds mar no  mei country muzyk  en  wer in optreden fan de jubilaris sels it shantykoar.   foto's JoopM

 

 

Zoeken