header4.jpg

Sjong- en muzykjûn troch doarpshûs en Piipegaeltsjesjongers

 

DSC 0711 2Freed 8 novimber wie de grutte seal fan it Werflân moai beset mei de troch it bestjoer fan ‘t doarpshûs en de Pipegaeltsjesjongers organisearre sjong- en muzykjûn.

By ‘t binnenkommen fan de seal waarden de taskôgers dwaande hâlden mei gesellige eftergrûnmuzyk fan Sietze van de Heide, Anneke Smedes en Fronnie van der Wal.
Jan Bron iepene útnamme fan de organisaasje dizze jûn. It wie de twadde kear dat de nije organisaasje it die en de jûn sels wie no al wer de 27-ste kear.
Dizze jûn startte destiids yn it Wapen van Smallingerland, kaam dêrnei jierren lang yn it Tiksel en no al wer foar de tredde kear yn it Werflân.


De foarsitter wie ek tige bliid fertelle te kinnen dat der in stik as wat nije nammen op it program foarkamen. Dat wiene Inge Noor op piano (10 jier!), in skoallekoarke ( mei Eske, Rawin, Regina, Naomi en Jamie) fan ús gearwurkingsskoalle u.l.f. Wijke Bargerbos op de piano, de Loose Lions (mei âld-Rotfalster Wessel Douma en Fouad El Ghamarti), it duo Machiel en Anna Veenstra en Lammert v.d. Velde.

Bekinde nammen dizze jûn wiene Iris Bosma (al wer foar de 9-de kear), de Piipegaeltsje sjongers foar de 25-ste kear, de Voortvarende vrouwen foar de 15-de kear, en de Young Bunch – in skitterjende groep fan hast allegearre jongelju út ús doarp – dy ‘t al in in kear as wat dizze jûn ôfslute (sjoch ek foto's JM)

 

Zoeken