header6.jpg

Krystkonsert mei de Bazuin, Polyphonia en Miranda van Kralingen

DSC 0761

De Kulturele Kommisje de Rottefalle hie freedtejûn 13 desimber in boppeslach makke mei de organisaasje fan har krystkonsert.
De kommisje hie kâns sjoen ús beide pleatselike muzykkorpsen tegearre spylje te litten om dêrby in nasjonaal bekinde sjongeres te begelieden by glêshelder songen krystfersen.
De korpsen de Bazuin en Polyphonia lieten har om bar dirigearje troch respektivelik Anne van der Sluis en Oene Krist.
Miranda van Kralingen – oankundige troch foarsitster Epke Veenstra as de sjongeres op it houlik fan kening Willem Alexander en keninginne Maxima – spruts har tusken teksten yn moai Frysk út; hja hat in Fryske man en dêr ús taal fan leard.
We kinne werom sjen op in moaie kulturele jûn yn krystsfear. (JM,foto"s))

 

 

Zoeken