header4.jpg

Wêz Handich speelt ‘Bûnzjen fan boppen’

Kuorbalklup Wêz Handich organisearret op 25 jannewaris om 20:00 oere har jierlikse tonieljûn yn it Werflân te Rottefalle. Dit jier is it in moardstik fan Ton Davids.

 

Mathilde Sterkendam, in frijgeselle frou, fersoarget har sike mem Conny. Mem makket har kenber troch te bûnzjen op’e flier. En alle kearen as der bûnze wurdt moat Mathilde opdrave. De oare twa bern bekroadzje har amper om it wol en wee fan mem Conny en dochter Mathilde. Bruno, de soan, is in plastysk sjirurch dy’t ferslave is oan kokaine. Hy besiket syn mem inkeld om jild te lienen foar syn djoere ferslaving.

Eugenie is de frou fan Bruno, mar se wol skiede. Se is ferslave oan de drank en besiket har skoanmem inkeld om har beklach te dwaan of om jild te lienen. Mathilde hat nog in suster, Simone. Simone is troud mei Berend Onnes, har lokkige houlik liket oan klisjees en truttichheid ûnder te gean. De ieninichste stipe dy’t Mathilde kriget by de fersoarging fan har mem is dy fan de húsdokter Richard Fausser. En dan komt de ynspekteur mefrou Els Zinger en barre der frjemde dingen...

De foarstelling is net geskikt foar bern ûnder de 12 jier. Kaarten yn’e foarferkeap binne te krijen by bakkerij Granen & Meer en Haarstudio Bergsma te Rottefalle. De seal is iepen om 19:15 oere.

Zoeken